Fan it kadoboek fan ‘De moanne fan it Fryske boek’ binne sûnt septimber 2011 al tûzenen eksimparen ferspraat. Minsken dy’t it Frysk lêzen net yn ‘e macht hawwe fregen de skriuwer gauris oft it boek ek yn it Hollânsk te keap wie. Oare jier, yn maaie is it safier. Dan ferskynt ‘De troostvogel’ by útjouwerij Contact. By dizze útjouwerij binne al mear oersettingen fan Hylke Speerstra syn boeken útkaam. Op harren webside fine jo in oersjoch fan de Hollânske Speerstra-titels. De bekendsten binne ‘De koude erfenis’, ‘De voorbije vloot’ en ‘Het wrede paradijs’.
Oersetting fan ‘De treastfûgel’
Lokwinsken foar Durk van der Ploeg
Dizze foto is makke yn Drachten, op 15 oktober 2011. It grutte oeuvre fan Durk van der Ploeg -winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011- fertsjinne ekstra omtinken op de Boekemerk. Dat fûn alteast syn freon en kollega-skriuwer Hylke, dy’t it publyk derom op syn oanwêzigens attindearre.
De dei nei it bekend meitsjen fan de wichtige priis stie al it folgjende sitaat fan Speerstra yn de krante: “Einlings gerjochtichheid, en dat siz ik net omt wy tafallich goed kinne. Ik hie him de priis al folle earder ta ha wollen. Wat in oeuvre. Wat in taal.” Op 8 novimber mei Van der Ploeg syn priis yn ûntfangst nimme.
Speerstra lit de treastfûgel los yn Boalsert…
De foarstelling ‘It liet fan de treastfûgel’ yn de Boalserter Martinitsjerke luts sneontejûn 8 oktober sa’n 400 besikers. It machtige Lemster mânljuskoar (103 man sterk) krige, ûnder lieding fan Harm van der Meer, grutte wurdearring fan de oanwêzigen. As soliste song Marleen van Dijk út Alphen a/d Rijn in tal lieten mei. Ek de tekst ‘Rop my werom jonge’ fan performer/dichter Tsjêbbe Hettinga slute prachtich oan by de sfear fan Speerstra syn foardrachten. It optreden krige suver in emoasjoneel slot mei it sjongen fan ‘We ’ll meet again’, dêr’t tekstdichter Jurjen van der Meer in perfekte Fryske oersetting foar makke hie: ‘Ea sjoch ik dy wer’.
Dizze jûn wie de lêste fan de searje fan fiif optredens fan de Kadoboeketoer. Yn alle plakken (Hichtum, De Gerdyk, Burgum, Dronryp en Boalsert) wie it program ferskillend, hieltyd mei oare koaren, sjongers, skriuwers en dichters. Mar oeral op ‘e nij slagge it om it gefoel en de mankelike sfear fan ‘De treastfûgel’ oer te bringen.
Mei de kadoboeketoer nei Burgum
Op tongersdei 29 septimber wie alwer de tredde ôflevering fan de Kadoboeketoer. Alle optredens hat Speerstra oare minsken op de bühne, dy’t mei him de foarstelling stal jouwe. Ditkear wienen dat skriuwer Durk van der Ploeg, dy’t foarlies út twa fan syn bekende oarlochsromans en dichteres Elske Kampen. Sy is hikke en tein yn Burgum en lies gedichten foar út har debútbondel ‘Fan glês it brekken’. Ferhalen en fragminten út ‘De treastfûgel’ waarden ôfwiksele troch lieten fan it Yntertsjerklik Burgumer Manlju’s koar. Lieten lykas It Heitelân, Jou ús in dream, Fries om utens, it Kanadeesk folksliet en De freonskip hâldt ús fêst, fersterken de ferhalen. Yn it skoft hie Speerstra it wer drok mei it signearjen fan syn nije roman ‘De treastfûgel’. Der komme noch twa jûnen fan de Kadoboeketoer; sjoch de Aginda.
Kadoboeketoer set útein yn Hichtum
De foarstelling ‘Werom nei Hichtum’ foarme op tongersdeitejûn 22 oktober in moai begjin fan de Kadoboeketoer. De kombinaasje fan proaza, ôfwiksele troch muzyk, blykt in kombinaasje dy´t neifolging fertsjinnet. It tsjerkje wie mei 112 besikers grôtfol. De muzyk waard fersoarge troch amusemintsorkest Andante.
Skriuwer Hylke Speerstra droech tsien koarte sketsen foar ut De treastfugel, it kadoboek dat û.m. yn it Hichtum fan hûndert jier lyn spilet. In programma dêr’t net yn it lêste plak de (âld) Hichtumers fan ûnder de yndruk rekken, sa blykte nei ôfrin…
Sjoch de Aginda foar de noch kommende optredens!
Muzikaal-literêr program 8 okt. Boalsert
“It liet fan de treastfûgel” mei Freark Smink, Tsjêbbe Hettinga en Hylke Speerstra.
In optreden fan it Lemster Mannenkoor yn de Boalserter Martini-tsjerke op sneontejûn 8 oktober liket it hichtepunt te wurden fan de Fryske Boekemoanne 2011. Dan treedt it koar op ûnder lieding fan Harm van der Meer. Soliste is de sjongeres Marleen van Dijk út Haarlem en Jan Kroeske is de organist.
Trije oare bekende Friezen wurkje mei oan it muzikaal-literêre program: de dichter en performer Tsjêbbe Hettinga, de akteur Freark Smink en skriuwer Hylke Speerstra. De teksten en de gauris geastlike koarlieten foarmje ien gehiel en slute sfearfol op inoar oan. Tidens de foarstelling ferskine der op in skerm passende bylden.
Titel fan it program: ‘It liet fan de treastfûgel’, nei Speerstra syn nijste novelle dy’t giet oer lânferhúzje en weromkommen, oer ôfskied nimmen en wersjen, oer it doarp en de wrâld. Sa bringt Hettinga it gedicht ‘It Doarp Always Ready’. Freark Smink draacht û.m. Fêdde Schurer syn fers ‘Ierdeljocht’ foar en de koarte fertellingen fan Speerstra eindigje yn in ferrassend liet fan de Lemsters: ’Ienris sjogge wy inoar wer, is it net hjir, dan dêr’. Sjoch de Aginda foar mear ynfo oer de Kadoboeketoer.
Oanbieding fan it kadoboek oan topsporters
It wie gesellich drok op it Boekefeest, mei in bûnt ferskaat oan minsken dy’t fine dat de Fryske literatuer der ta docht. Hylke Speerstra stie mei sa’n tweintich Fryske topsporters op it poadium, om it publyk sjen te litten dat jo mei ambysje wat berikke kinne. Se krigen allegear in eksimplaar fan it nije kadoboek oanbean. Dêrnei lies Speerstra foar út ‘syn’ kadoboek (‘De treastfûgel’) en fertelde dat er sels hast neat optocht hat; it measte dat der yn stiet is wier bard! De sjongeres Tet Rozendal song mei it hiele Lemster Manljuskoar – in Fryske primeur. En sa wie der dizze jûn noch folle mear te dwaan. It Boekefeest is it begjin fan de Moanne fan it Fryske Boek: mear as 50 aktiviteiten op sa’n 30 ferskillende plakken yn de provinsje. Hylke Speerstra docht ek mei: sjoch by ‘Aginda’.
Kadoboeken fuortbringe mei de de jeep
De skriuwer fan it Kadoboek ‘De treastfûgel’, is al hielendal klear foar de Moanne fan it Fryske Boek. Tiisdei 6 septimber is der in parsekonferinsje hâlden dêr’t Hylke Speerstra soarge foar it opwaarmjen fan de festivalsfear en hy fertelde dat it Kadoboek it boek is dat er altyd al skriuwe wold hie. It is in ferhaal wat him heech siet, oer goed en kwea.
By de foto: Yn in Amearikaanske legerjeep jout Hylke Speerstra it startsein foar de befoarrieding fan de Fryske boekhannels. Freed 16 septimber giet it festival fan start mei it Frysk Boekefeest. Fjouwer wike lang stiet Fryslân yn it teken fan Fryske kultuer en fan Fryske literatuer. Tip: yn de boekhannels en biblioteken binne festivalgidskes, dêr’t alle aktiviteiten yn steane.
Op 16 septimber 2011 ferskynt it kadoboek
Yn it kadoboek ‘De treastfûgel’ folget Hylke Speerstra it spoar fan twa earme famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it droege en stienearme Súd-Dakota earst amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen.
De oare húshâlding siket syn heil yn Dútslân, net allinne as boere-arbeider, mar ek polityk. Foar dizze famylje wurdt it in swalkjend bestean tusken arbeiderswenten en wenarkjes yn de Fryske Súdwesthoeke en melkstâlen yn it Dútske grinsgebiet.
De ferhalen fan dizze beide famyljes komme wer by inoar as twa neikommelingen út de tredde generaasje oan it oarlochsfront belânje: de iene as oanfaller en besetter, de oare as befrijer fan Europa; de iene as oerwinner, de oare as ferliezer. Mar beide soene se de ferskrikkingen fan it oarlochsgeweld oan harren ein ta meitôgje.
It kadoboek sil net gewoan te keap wêze. Jo krije it fergees at jo yn de perioade fan ‘De Moanne fan it Fryske boek’ foar 10 euro (of mear) oan Fryske boeken oantúge. Wolle jo in eksimplaar mei in hântekening fan Speerstra? Sjoch dan op de webside fan De Moanne fan it Fryske Boek. Der binne in soad gelegenheden, sawol yn boekhannels as op oare plakken, om it kadoboek te besetten.
Literêre optredens op ‘Conventie van Achlum’
Op de Conventie van Achlum (28 maaie 2011) krige ek de Fryske literatuer omtinken.
Yn folle húskeamers kamen de dichter Tsjêbbe Hettinga en prozaïst Hylke Speerstra los mei fersen en proazafragminten. Mindert Wijnstra fermakke de jeugd mei prachtige ferhalen.
It wie in histoarysk barren dat -mei tank oan Bill Clinton- it doarp Achlum foar ivich in plakje op de kaart fan de hiele wrâld besoarge hat. Oer tsien jier sjogge we faaks werom op de bestjutting foar de ynternasjonale gearwurking en de oprop ta mear sociale solidariteit. De kommende moannen sil spitigernôch foaral it minne waar yn it ûnthâld bliuwe…
Op de foto hat Wim Brandt fan VPRO-televyzje in fraachpetear mei skriuwer Hylke Speerstra.
Libje yn it ferhaal fan de boekemoanne
Ut de Ljouwerter Krante fan 4 jannewaris 2011: “Ljouwert – Hylke Speerstra skriuwt fan ‘t jier it kadoboek foar de ‘Moanne fan it Fryske Boek’. It is foar de twadde kear dat Tresoar en It Fryske Boek de moanne, dy’t diskear fan 16 septimber oant 22 oktober 2011 duorret, organisearje.” Yn dy perioade fine der yn de hiele provinsje wer tal fan aktiviteiten plak, mei as doel it stimulearjen fan (it lêzen fan) Fryske boeken. Mar de earste helte fan dit jier wennet de skriuwer, sa’t er it sels seit, noch allinne yn syn nije ferhaal…
Harkboeken foar de âlderein
Libbensferhalen fan twa ‘âlde fijannen’
Yn july 2010 wie Hylke Speerstra yn Amearika, foar in petear mei Nanno Douwes Hiemstra (sjoch foto). Hy waard berne út Fryske âlders, yn 1919 yn Súd-Dakota. Hiemstra fertelde de skriuwer syn ferhaal – oer emigraasje, honger(!) en earmoede yn de jierren tritich yn de Dakota’s.
De ald-boer oerlibbe mei syn 90ste ynfantery-divyzje under generaal Patton de ynfaazje fan 1944 yn Normandië, de Slag yn de Ardennen en de gefjochten oan de Rijn. Op syn alde dei kaam ‘Nanno’ yn kontakt mei ien fan syn fijannen fan doe… ‘Wy ha elkoar moete, meielkoar fustke en binne no earder freonen as fijannen’. Dy âlde fijân wie Jozef Aszmann, de man yn it stikje hjirûnder. Ek Aszmann syn libbensferhaal gie oer buorkjen, in hurde jeugd, de krisis mei al syn earmoede, in ferskriklike oarloch en it opbouwen fan in nij en sinfoller bestean.
Nij projekt krige wurktitel ´Hiem en wrâld´
It skriuwen fan in ferfolch op ´De oerpolder´ is begûn. Yn ien fan de haadstikken, oer de oarloch, spylje fjouwer jongfeinten in singeliere haadrol. It binne no stokâlde manlju: De Fryske boeresoan Roelof Ybema fan Warkum, de Dútske boeresoan Josef Aszmann fan Wiebelsheim, de Amerikaanske boeresoan fan Fryske komôf Nanno Hiemstra (Hichtum/ Ripon-Wisconsin) en de Fryske arbeiderssoan Meindert Boorsma fan Nijhuzum. (Boorsma is wilens stoarn)
Op de foto: Josef Aszmann (85), dy’t as jonge fan 17 de oarloch yn skuord waard en yn Normandië fjochtsje moast tsjin Nanno Hiemstra. Pas yn 1948 kaam er op syn boerespultsje werom. De ynterviews mei Aszmann, Boorsma en Ybema haw al west. Yn july giet Speerstra op reis nei Hiemstra (91 jier), dy´t yn Wisconsin wennet.
Ut dit berjocht blykt wol dat it nije boek net allinne mear oer It Heidenskip gean sil… De wurktitel is dan ek ´Hiem en wrâld´.

