“It liet fan de treastfûgel” mei Freark Smink, Tsjêbbe Hettinga en Hylke Speerstra.
In optreden fan it Lemster Mannenkoor yn de Boalserter Martini-tsjerke op sneontejûn 8 oktober liket it hichtepunt te wurden fan de Fryske Boekemoanne 2011. Dan treedt it koar op ûnder lieding fan Harm van der Meer. Soliste is de sjongeres Marleen van Dijk út Haarlem en Jan Kroeske is de organist.
Trije oare bekende Friezen wurkje mei oan it muzikaal-literêre program: de dichter en performer Tsjêbbe Hettinga, de akteur Freark Smink en skriuwer Hylke Speerstra. De teksten en de gauris geastlike koarlieten foarmje ien gehiel en slute sfearfol op inoar oan. Tidens de foarstelling ferskine der op in skerm passende bylden.
Titel fan it program: ‘It liet fan de treastfûgel’, nei Speerstra syn nijste novelle dy’t giet oer lânferhúzje en weromkommen, oer ôfskied nimmen en wersjen, oer it doarp en de wrâld. Sa bringt Hettinga it gedicht ‘It Doarp Always Ready’. Freark Smink draacht û.m. Fêdde Schurer syn fers ‘Ierdeljocht’ foar en de koarte fertellingen fan Speerstra eindigje yn in ferrassend liet fan de Lemsters: ’Ienris sjogge wy inoar wer, is it net hjir, dan dêr’. Sjoch de Aginda foar mear ynfo oer de Kadoboeketoer.
Reactiemogelijkheid is uitgeschakeld.