Fan it kadoboek fan ‘De moanne fan it Fryske boek’ binne sûnt septimber 2011 al tûzenen eksimparen ferspraat. Minsken dy’t it Frysk lêzen net yn ‘e macht hawwe fregen de skriuwer gauris oft it boek ek yn it Hollânsk te keap wie. Yn de rin fan 2012 ferskynt ‘De troostvogel’ by Uitgeverij Contact. By dizze útjouwerij binne al mear oersettingen fan Hylke Speerstra syn boeken útkaam. Op harren webside fine jo in oersjoch fan de Hollânske Speerstra-titels. De bekendsten binne ‘De koude erfenis’, ‘De voorbije vloot’ en ‘Het wrede paradijs’.
Reactiemogelijkheid is uitgeschakeld.