Oankundiging fan nije edysje ‘It wrede paradys’

Woansdeitejûn 14 april 2010 sil Hylke Speerstra syn nije boek ‘It wrede paradys – It ferfolch’ it ljocht sjen. De feestlike presintaasje is yn Tresoar te Ljouwert. It earste eksimplaar sil dan oanbean wurde oan de councellor fan de Kanadeeske ambassade, George Whalen-Flanagan.

Speerstra kaam der nei Simmer 2000 al gau achter dat de libbensferhalen fan ‘syn’ emigranten noch net ôf wiene. En ek noch net op. Sa skreau er by alle ferhalen in epilooch, dêr’t út bliken docht dat libbensferhalen in hiel aparte draai nimme kinne.

Yn it boek steane behalve de âlde ferhalen en de epilogen ek in tal nije ferhalen. Wat te sizzen fan de libbensskiednis fan de widner Klaas van der Veen fan de Harkema, dy’t mei tsien bern nei it woeste Kanada fan 1948 reizget? Of fan it allike dramatyske ferhaal fan de stokâlde Sjoerd Zondervan, noch altyd wachtsjend op syn jeugdleafde Ynskje fan Sibrandabuorren, dy’t fermoarde waard krekt foar’t se him achternei komme soe. Sa ûntbleatsje harren somtiden âlde mystearjes.
Nij binne ek in fotokatern mei 32 siden foto’s en nijsgjirrige skôgings oer it boek en oer emigraasje fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar.

Reactiemogelijkheid is uitgeschakeld.