Yn maart 2010 hat Speerstra optredens fersoarge yn in achttal bibleteken, ferspraat oer de hiele provinsje. Hy fertelde oer syn nije boek, dat hast klear is en lies fansels ek fragminten dêrút foar.
Op in tal plakken wie der ek muzyk by fan Bauke fan der Woude. Syn ferskes wiene ôfstimd op de ferhalen. De tour waard ôfsletten yn de grôtfolle seal fan de Bibleteek fan Burgum. Hjir fersoargen Nanne en Ankie de muzyk. Al mei al hawwe der hast 400 minsken by ien dan dizze jûnen west.
