Yn de lêste jierren fan de tweintischste ieu is Hylke Speerstra de heale wrâld ôfreizige – fan Brazilië oant Australië, fan Súd-Afrika oant Kanada – om mei Fryske emigranten te praten. Hy makke der yn it ramt fan Simmer 2000 in prachtich, goed ferkocht boek fan, mar dêrmei wie it foar him net dien. Hy wenne yn die ferhalen: “Ik kaam der net los fan”. Mei guon fan de emigranten briefket er tsien jier letter noch, oaren hawwe sels by him útfanhûs west.
Hylke Speerstra woe graach witte wat der tsien jier letter fan al dy minsken wurden is, sa ûntstie it idee fan in ferfolch op ‘It Wrede Paradys’. By eintsjebeslút is it útdraaid op in nije printinge fan it âlde boek, oanfold mei goed 200 siden. Dêryn stiet net allinnich in epilooch by elk fan de ferhalen út it âlde boek, ek binne der seis nije ferhalen taheakke. It nije boek sil kommende wike oanbean wurde.
Fragmint út artikel fan LC-Freed troch Sietse de Vries.