‘It ferfolch’ ûnderweis nei de boekwinkels

Woansdeitemiddei 14 april om 17.00 oere rôlen de earste eksimplaren fan ‘It wrede paradys – It ferfolch’ fan de drukmasine. Al twa oeren letter waard it boek te Ljouwert yn Tresoar presintearre.

De nije útjefte mei gerêst in weardefolle oanfolling op It wrede paradys neamd wurde. Eardere ferhalen binne oanfolle mei epilogen, der steane in hânfol nije ferhalen yn en der binne 32 siden mei foto’s opnommen oer en út it libben fan de emigrantefamyljes.

It nije boek is prachtich ynbûn mei stofomslach en kostet € 29,50.  Fanôf sneon 17 april is it oeral yn Fryslân yn de boekwinkels te keap.
NUR 524 / ISBN/EAN 978-90-5615-238-3

Plaats een reactie