Under grutte belangstelling is woansdeitejûn 14 april yn Tresoar ‘It
wrede paradys – It ferfolch’ presintearre. Der wiene mear as 250 gasten. De skriuwer oerlange it earste eksimplaar oan councellor George Flanagan-Whalen fan de Kanadeeske ambassade yn Den Haach.
Dat barde neidat Speerstra, yn gearwurking mei it muzykkorps de Bazuin fan Tsjummearum, foarlêzendewei barrens út it boek ta libben brocht. De muzyk slute hiel ferrassend oan by de foarlêzen fragminten. Gâns oanwêzigen rekken der oandien fan hoe’t sa einlings de ôfskiedsserenade foar emigrant Jelte Posthumus spile waard. Sa krigen se ek wat mei út it swiere bestean fan de Harkemaster húshâlding fan Klaas van der Veen.
