Op 6 maaie sil Hylke Speerstra (diskear yn it Ingelsk) yn de Ridderseal yn Den Haach foarlêze út syn nije boek ‘It wrede paradys – It ferfolch’.
It ferhaal jout in byld fan de tiid fuort nei de oarloch, doe’t hûnderttûzenen jongelju emigrearren nei ûnder mear Kanada. Ek de befrijding fan Nederlân troch de Kanadezen komt yn syn fertelling op ’t aljemint. It is dizze maityd 65 jier lyn dat ús lân befrijd waard.
De gearkomste sil bywenne wurde troch in tal Kanadeeske ministers en it sawat folsleine Nederlânske kabinet.
Reactiemogelijkheid is uitgeschakeld.