It ferfolch falt der yn!

Foar skriuwer, útjouwer en boekferkeaper is it altyd wer spannend oft in nije titel de lêzer oansprekke sil of net. By it ferskinen fanIt wrede paradys – It ferfolch’ wie dit ek it gefal. Soe de lêzer de útjêfte yn ’t oankommen beskôgje as net folle mear ‘opwaarme kost’? Of soe men it krekt sjen as in ûnmisbere, rike kompletisearring fan in Fryske bestseller?

Al tidens de sân sinjearsesjes yn de twadde helte fan april die bliken dat it lêste it gefal is. Yn elke boekhannel kamen inkelde tsientallen keapers om in hantekening fan de skriuwer. It rekôr wie 38 ferkochte eksimplaren yn in goed oere te Snits.

Reactiemogelijkheid is uitgeschakeld.