Hylke Speerstra is ien fan de bekendste libjende Fryske auteurs. Hy skriuwt yn it Frysk mar ek streekrjocht yn it Nederlânsk. Ek is al hiel wat wurk fan syn hân yn de rin fan de tiid oersetten yn it Nederlânsk. Foar it grutste part kin syn wurk ta de non-fiksje rekkene wurde, mar syn jongste wurk skaait aloan mear út nei in mingfoarm fan fiksje en non-fiksje, in literêre foarm dy’t men – mear as yn Nederlân – foaral yn de Angelsaksyske lannen tsjin komt.
It wrede paradys út 1999 is ien fan syn bekendste en ek bêst ferkochte boeken. It wurdt troch Fryske emigranten – haadrolspilers yn it boek – op alle kontininten lêzen. Yn fjouwer jier helle it in oplage fan 30.000 yn it Frysk, 20.000 yn it Nederlânsk en stikhinne 5000 yn it Ingelsk.
Hylke Speerstra waard op 7 juny 1936 berne op in buorkerij op Iemswâlde ûnder Tsjerkwert. Syn foarlân like it boerebedriuw te wurden, mar hy wie net sa honkfêst. Nei it lânbou-ûnderwiis sette er him ta de selsstúdzje. Dêrby wiene talen syn passy. Yn 1959 begûn er syn sjoernalistike karrière by it Fries Landbouwblad, nei’t er in hoart yn Frankryk wurke hie. Twa jier letter waard er redacteur bij de Friese Koerie0r op it Hearrenfean. Fedde Schurer, Laurens ten Cate en Rink van der Velde wiene dêr syn grutte foarbylden. Yn 1971 waard er as einredakteur beneamd by it skipperswykblêd Schuttevaêr. Fjouwer jier letter naam er dêr it haadredakteurskip oer fan mr. F.G.J.Huber.
Doe’t Schuttevaer oernommen waard troch Wolters-Kluwer, waard Speerstra noch tidens syn haadredakteurskip belutsen by in ‘denkttank dy’t yn oerlis mei de haaddireksje nije projekten opsette. Tegearre mei de út Grou ôfkomstige manager Hette Uilkema rjochte er it Agrarisch Dagblad op. Speerstra wie de nije haadredakteur, oant er yn 1989 frege waard dy funksje te besetten by de Leeuwarder Courant.
Yn 1996 koe er gebrûk meitsje fan de VUT-regeling. Sa sei er nei 35 jier de sjoernalistyk farwol en krige de hannen frij om proaza te skriuwen.
Al oan it begjin fan syn sjoernalistike karrière wie Speerstra begûn ferhalen te skriuwen. Yn 1968 debutearre er mei Heil om Seil, in bondel skippersferhalen dêr’t yn de loop fan de jierren yn it Frysk en it Nederlânsk ( Met de kloten voor het blok’, letter: ‘Kop in de wind’) sa’n 40.000 eksimplaren fan oer de toanbank giene.
Yn syn Schuttevaêr-tiid skreau er trije bondels maritime ferhalen yn it Nederlânsk. It giet hjir om sosjaal-ekonomyske – sa’t men wol – sosjaal-kulturele dokumintêres oer it swiere bestean fan de Nederlânske binnenfarders-ûnder-seil. Men kin it wurk ta de oral history rekkenje. Dizze literêre foarm brûkte Speerstra ek yn syn lettere Fryske bondels ‘Neaken en bleat foar de dokter’. ‘Kening op sokken’ en ‘Op redens oer’.
Yn 1998 stapte er nochris wer oer yn it Nederlânsk en skreau syn ‘De koude erfenis’, dat oars as syn eardere wurk in tige strukturearre opbou krige. Syn Fryske ‘De kâlde erfenis’ kaam der trije jier letter achteroan.
Yn 2002 begûn er mei in ûndersyk dat nedich wie foar it skriuwen fan syn oan dan ta grutste boek: ‘De oerpolder.’ It wurk soe yn juny 2006, hast op de kop ôf op de skriuwer syn 70ste jierdei, ferskine by syn nije Fryske útjouwer Bornmeer/Steven Sterk te Ljouwert.
Yn jannewaris 2009 ferskynde ‘De kâlde krústocht’, in bondel mei alve winterferhalen, yn sawol it Frysk as it Nederlânsk (De koude kruistocht). Op priemmen steane: ‘De lytse freugde’ (wurktitel), dat sjoen wurde kin as in ferfolch op ‘De oerpolder’. Dat boek ferskynt net foar 2011. Nei alle gedachten komt dit jier noch al in bondeltsje mei fjouwer ‘Terschellinger verhalen’ út, in projekt yn de mande mei de skriuwers Abdelkader Benali, Atte Jongstra en Albertina Soepboer.