Nijs
Oersetting fan ‘De treastfûgel’
Fan it kadoboek fan ‘De moanne fan it Fryske boek’ binne sûnt septimber 2011 al tûzenen eksimparen ferspraat. Minsken dy’t it Frysk lêzen net yn ‘e macht hawwe fregen de skriuwer gauris oft it boek ek yn it Hollânsk te keap wie. Oare jier, yn maaie is it safier. Dan ferskynt ‘De troostvogel’ by útjouwerij [...]
Lokwinsken foar Durk van der Ploeg
Dizze foto is makke yn Drachten, op 15 oktober 2011. It grutte oeuvre fan Durk van der Ploeg -winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011- fertsjinne ekstra omtinken op de Boekemerk. Dat fûn alteast syn freon en kollega-skriuwer Hylke, dy’t it publyk derom op syn oanwêzigens attindearre. De dei nei it bekend meitsjen fan de wichtige [...]
Speerstra lit de treastfûgel los yn Boalsert…
De foarstelling ‘It liet fan de treastfûgel’ yn de Boalserter Martinitsjerke luts sneontejûn 8 oktober sa’n 400 besikers. It machtige Lemster mânljuskoar (103 man sterk) krige, ûnder lieding fan Harm van der Meer, grutte wurdearring fan de oanwêzigen. As soliste song Marleen van Dijk út Alphen a/d Rijn in tal lieten mei. Ek de tekst [...]
Mei de kadoboeketoer nei Burgum
Op tongersdei 29 septimber wie alwer de tredde ôflevering fan de Kadoboeketoer. Alle optredens hat Speerstra oare minsken op de bühne, dy’t mei him de foarstelling stal jouwe. Ditkear wienen dat skriuwer Durk van der Ploeg, dy’t foarlies út twa fan syn bekende oarlochsromans en dichteres Elske Kampen. Sy is hikke en tein yn Burgum [...]
Kadoboeketoer set útein yn Hichtum
De foarstelling ‘Werom nei Hichtum’ foarme op tongersdeitejûn 22 oktober in moai begjin fan de Kadoboeketoer. De kombinaasje fan proaza, ôfwiksele troch muzyk, blykt in kombinaasje dy´t neifolging fertsjinnet. It tsjerkje wie mei 112 besikers grôtfol. De muzyk waard fersoarge troch amusemintsorkest Andante. Skriuwer Hylke Speerstra droech tsien koarte sketsen foar ut De treastfugel, it [...]
Muzikaal-literêr program 8 okt. Boalsert
“It liet fan de treastfûgel” mei Freark Smink, Tsjêbbe Hettinga en Hylke Speerstra. In optreden fan it Lemster Mannenkoor yn de Boalserter Martini-tsjerke op sneontejûn 8 oktober liket it hichtepunt te wurden fan de Fryske Boekemoanne 2011. Dan treedt it koar op ûnder lieding fan Harm van der Meer. Soliste is de sjongeres Marleen van [...]
Oanbieding fan it kadoboek oan topsporters
It wie gesellich drok op it Boekefeest, mei in bûnt ferskaat oan minsken dy’t fine dat de Fryske literatuer der ta docht. Hylke Speerstra stie mei sa’n tweintich Fryske topsporters op it poadium, om it publyk sjen te litten dat jo mei ambysje wat berikke kinne. Se krigen allegear in eksimplaar fan it nije kadoboek [...]
Kadoboeken fuortbringe mei de de jeep
De skriuwer fan it Kadoboek ‘De treastfûgel’, is al hielendal klear foar de Moanne fan it Fryske Boek. Tiisdei 6 septimber is der in parsekonferinsje hâlden dêr’t Hylke Speerstra soarge foar it opwaarmjen fan de festivalsfear en hy fertelde dat it Kadoboek it boek is dat er altyd al skriuwe wold hie. It is in [...]
Op 16 septimber 2011 ferskynt it kadoboek
Yn it kadoboek ‘De treastfûgel’ folget Hylke Speerstra it spoar fan twa earme famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin yn it droege en stienearme Súd-Dakota earst amper oerlibje. Mar úteinlik wurde se Amerikaan mei de Amerikanen. De oare húshâlding siket syn heil yn Dútslân, net [...]
Literêre optredens op ‘Conventie van Achlum’
Op de Conventie van Achlum (28 maaie 2011) krige ek de Fryske literatuer omtinken. Yn folle húskeamers kamen de dichter Tsjêbbe Hettinga en prozaïst Hylke Speerstra los mei fersen en proazafragminten. Mindert Wijnstra fermakke de jeugd mei prachtige ferhalen. It wie in histoarysk barren dat -mei tank oan Bill Clinton- it doarp Achlum foar ivich [...]
Libje yn it ferhaal fan de boekemoanne
Ut de Ljouwerter Krante fan 4 jannewaris 2011: “Ljouwert – Hylke Speerstra skriuwt fan ‘t jier it kadoboek foar de ‘Moanne fan it Fryske Boek’. It is foar de twadde kear dat Tresoar en It Fryske Boek de moanne, dy’t diskear fan 16 septimber oant 22 oktober 2011 duorret, organisearje.” Yn dy perioade fine der [...]
De skriuwer op it iis
De moaie winter en it sierlik waar holden Hylke Speerstra fan syn skriuwerswurk ôf. At je ride kinne moatte je der fansels by wêze… Dit plaatsje is makke op 3 desimber 2010 op it Nannewiid by Aldehaske.
Harkboeken foar de âlderein
Yn it ramt fan de promoasje fan it Fryske Harkboek fersoarget Hylke Speerstra - yn de rin fan dit jier - in searje fan alve fertelmiddeis foar de Fryske alderein. Ferskate soarchsintra krije eksimplaren fan ‘De kâlde krústocht’, dat as harkboek fergees oanbean wurdt troch Rotary Club Oldehove út Ljouwert. De earste fertelmiddei wie op 20 oktober 2010 yn Nij Mariënhove te Warkum. [...]
Libbensferhalen fan twa ‘âlde fijannen’
Yn july 2010 wie Hylke Speerstra yn Amearika, foar in petear mei Nanno Douwes Hiemstra (sjoch foto). Hy waard berne út Fryske âlders, yn 1919 yn Súd-Dakota. Hiemstra fertelde de skriuwer syn ferhaal – oer emigraasje, honger(!) en earmoede yn de jierren tritich yn de Dakota’s. De ald-boer oerlibbe mei syn 90ste ynfantery-divyzje under generaal [...]
Nij projekt krige wurktitel ´Hiem en wrâld´
It skriuwen fan in ferfolch op ´De oerpolder´ is begûn. Yn ien fan de haadstikken, oer de oarloch, spylje fjouwer jongfeinten in singeliere haadrol. It binne no stokâlde manlju: De Fryske boeresoan Roelof Ybema fan Warkum, de Dútske boeresoan Josef Aszmann fan Wiebelsheim, de Amerikaanske boeresoan fan Fryske komôf Nanno Hiemstra (Hichtum/ Ripon-Wisconsin) en de [...]