Nijs

Foarlês tournee lâns de bibleteken

Foarlês tournee lâns de bibleteken

Yn maart 2010 hat Speerstra optredens fersoarge yn in achttal bibleteken, ferspraat oer de hiele provinsje. Hy fertelde oer syn nije boek, dat hast klear is en lies fansels ek fragminten dêrút foar. Op in tal plakken wie der ek muzyk by fan Bauke fan der Woude. Syn ferskes wiene ôfstimd op de ferhalen. De tour [...]

Liefde op de smalle ijzers

Voor als nou eindelijk die Elfstedentocht eens komt. Of juist niet. Winterse verhalen In de winter, als de sloten, vaarten en meren bevroren zijn, raakt het platteland uit zijn isolement. Het ijs breekt de sleur, verlegt de grenzen. Je kan opeens een kanaal oversteken, te voet, in plaats van kilometers om te fietsen in weer [...]

Diktee ferskood nei 18 novimber jûns

De Ljouwerter Rotary Club Nijenhove naam it ynisjatyf om foar dejingen dy’t om hokfoar reden ek muoite ha mei lêzen, in Frysk harkboek út te jaan. Om dêrfoar jild byelkoar te bringen, sil der in nasjonaal diktee holden wurde ta promoasje fan de cd fan ‘De kâlde krústocht’. Dêrfoar wurde tal fan Fryske pommeranten útnoadige. [...]

Heechste score Boekewike 2009

Heechste score Boekewike 2009

De heegste wurdearring fan it publyk foar it literêre programma fan dichteresse Iva Hokwerda en proazaskriuwer Hylke Speerstra yn de Fryske Boekewiken. Dat blykt út in enkête ûnder de 1050 besikers fan de 25 Boekejûnen yn 2009. Sûnder mis hawwe de sjongers en muzikanten Bauke van der Woude, Campbell Forbes en John Eskes tige bydroegen oan de ‘sfearfolste’ optredens.

‘De nûmer ien fan Fryske skriuwers’

‘De nûmer ien fan Fryske skriuwers’

‘Skriuwer Hylke Speerstra is yn 2009 troch harkers fan Omrop Fryslan Radio keazen as nûmner-1-Fryske skriuwer’, sa meldt de omrop op eigen webside. ‘In soad minsken fine Speerstra in goede en nijsgjirrige skriuwer. Oare favorite Fryske auteurs út de enkête binne Durk van der Ploeg en Rink van der Velde.’

2-cd's fan Oerpolder

2-cd’s fan Oerpolder

Der binne 2 cd’s útkommen as lúster-boekje ut De oerpolder. It binne de spannendste fragminten út it haadstik oer de oerstreamingen fan 1824. De priis yn kasette: 10 euro.

De kâlde krústocht leit op streek

De kâlde krústocht leit op streek

De nije ferhalebondel De kâlde krústocht, dy’t op 15 jannewaris 2009 ferskynde ta gelegenheid fan it ieufeest fan de feriening De Friesche Elf Steden, leit goed op streek. Der binne al mear as 10.000 ferkocht. Yn it Nederlânsk rint de 3de printinge, yn it Frysk is in nije printinge yn tarieding. Neist de handelsedysje ferskynde [...]

Op redens oer ek as harkboek

Op redens oer ek as harkboek

De yn 1984 foar it earst ferskynde ferhalebondel ‘Op redens oer’, dy’t yn 2008 by Bornmeer op ‘e nij útjûn waard – noch wol yn in nije jaske – is no ek as harkboek te krijgen. De 14 ferhalen wurde troch de skriuwer sels lêzen. Produsint is Audioboek (audiofrysk.nl) te Easterwierrum. De kasette mei 8 [...]

Oerpolderloop: 400 dielnimmers

Oerpolderloop: 400 dielnimmers

De twadde Oerpolderloop sil draaft wurde op snein 7 maart 2010. Meer ynformaasje >> De earste Oerpolderloop troch it Heidenskip op snein 1 maart wie sa’n súkses dat besletten is der in ‘klassiker’ fan te meitsjen. Der wiene fuort al krapoan 400 dielnimmers. Winners wiene respektyflik by de froulju en mânlju Rahel Bellinga en Jan [...]

Optredens mei muzikaal kwartet

Optredens mei muzikaal kwartet

Kommend winterseisoen stiet Hylke planken. Foar in hantaast út de optredens: Sjoch de aginda. De acht optredens mei it muzikale kwartet fan Bauke van der Woude krije takomme winterskoft in ferfolch. Winterfertellingen wurde ôfwiksele mei oanslutende nije winterlieten.(Sjoch ek www.baukevanderwoude.nl mei syn nije program). In jûnfoljend programma, mei de titel ‘Poer sang’.

Liefde op de smalle ijzers

Utjouwerij Contact Amsterdam hat ûnder de titel ‘De voorbije vloot’ Speerstra’s maritime ferhalen opnij bondele. Dêrfan ferskynt yn april 2009 de 4de printinge. Tagelyk sjocht dêr ek de 8ste printinge fan De Oerpolder (NL) it ljocht. Ein 2009 wol Contact ‘Liefde op smalle ijzers’ útjaan.

Sinjearsesjes mei cracks súkses

De tolve sinjearsesjes nei it ferskinen fan ‘De kâlde krústocht’ (en De koude kruistocht) troffen gâns flecht op de koai. Foaral op plakken dêr’t ferneamde alvestêderiders by oanwêzich wiene. Dat wie it gefal yn Snits mei Klazien Seinstra, yn Drachten mei Rein Jonker, te Grins mei Jan Uitham en yn Ljouwert (De Tille) en Amsterdam [...]

Folle bibliotheken mei Boekewike

De sân resinte optredens tidens de Fryske Boekewike fan dichteresse Yva Hokwerda (Ytsje Hoekstra) en Hylke Speerstra lutsen yn totaal sa’n 550 minsken. Akkrum spande de kroan mei 126 besette stuollen. It kombo fan Bauke van der Woude spile dêrby net swak by.

Pagina 3 van 3123